Nije ruilferkaveling

07 Oktober 2007

Sûnt 1990 wurket de oerheid oan it realisearjen fan in oaniensletten netwurk fan beskerme natuergebieten: de ekologyske haadstruktuer. De EHS moat yn 2018 klear wêze en dan ha we der yn Nederlân 275.000 hektare nij natuergebiet by. As foarbyld sjogge we by it Alddjip tusken Bakkefean en Beetstersweach. We prate mei foar- en tsjinstanners, mei boskwachters, boeren en kommisjeleden. Mei (op argyfbyld) Sicco Mansholt.