Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Alvestêdeskeelertocht

Sjoch mar: Alvestêdeskeelertocht

08 Septimber 1997

Sjoch mar folget de 242 dielnimmers fan de Alvestêdeskeelertocht. Se skeelerje 200 kilometers troch Fryslân. En der dogge ek wat toppers mei, sa as Jeen van der Berg.

Boppeslach: De Harkema - Forward

Boppeslach: De Harkema - Forward

05 Juny 2000

Yn Easterwâlde waard de beslissingswedstryd spile tusken Harkema Opeinde en Forward. Ynset is in plak yn de twadde klasse. As De Harkema ferliest, dan degradearje se nei de tredde klasse.

It Fryske Lânskip 2: De Wâlden

It Fryske Lânskip 2: De Wâlden

28 Oktober 1986

Yn de twadde útstjoering fan ‘It Fryske lânskip’ geane we mei Leny de Vries en Freark Smink nei de Wâlden. Se lizze út watfoar ferskillen der binne tusken de klaai en de Wâlden.