Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_OPMAAT_SLACHTE_040600_WR

Slachtemaraton : de opmaat

04 Juny 2000

Dizze dokumintêre oer de tariedings fan de Slachtemaraton waard in moanne foar it earste barren op 8 july 2000 útstjoerd. De rûte rint oer in âlde seedyk fan Easterbierrum nei Raard. Dravers fan atletykferiening Horror en kuierders út Reduzum oefenje foar it ôflizzen fan dizze 42 kilometer.

Wurktiid TV: Putsjebedriuw fan Jelmer Quak

Wurktiid TV: Putsjebedriuw fan Jelmer Quak

18 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it putsjebedriuw dat Jelmer Quak sels oprjochte hat yn Ljouwert. Hy komt by partikulieren en ek by bedriuwen lykas swimbad Kealledykje. Bêste kollega is konsjerzje Frans van der Heide fan de basisskoalle op De Westereen. By Wassenaar hydraulyk sykje se minsken en der is wer in oprop.