Slachtemaraton : de opmaat

04 Juny 2000

Dizze dokumintêre oer de tariedings fan de Slachtemaraton waard in moanne foar it earste barren op 8 july 2000 útstjoerd. De rûte rint oer in âlde seedyk fan Easterbierrum nei Raard. Dravers fan atletykferiening Horror en kuierders út Reduzum oefenje foar it ôflizzen fan dizze 42 kilometer.
Histoarikus Siem van der Woude en Pieter de Graaf fan It Fryske Gea fertelle oer de histoarje fan de Slachtedyk. Ek sjogge we de oanlis fan de Slachtebrêge fan arsjitekt Rein Hofstra, en de doarpspresintaasje fan Kimswert oer Grutte Pier. Korps OKK Kimswert spilet de Slachtemars, komponearre troch Klaas Hoek.