Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_THT_2_210101_WR

Tenminste houdbaar tot (diel 2)

21 Jannewaris 2001

'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra komt oan it wurd.

Wyn op Woansdei: Sri Lanka II

Wyn op Woansdei: Sri Lanka II

16 Maart 2005

Programmamakker Evert van den Berg sjocht werom mei Jochem Leijstra (slachter) en Jan Leijstra (monteur) op har reis mei Sujan Singarajah nei Sri Lanka. Se ha allegear guod ynsammele foar de minsken dêr dy't troffen binne troch de tsunami.

Spegels: Stinkende Handel en berneboeken

Spegels: Stinkende Handel en berneboeken

20 Maart 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering it Bildtske toanielstik Stinkende Handel en in reportaazje oer berneboeke skriuwers.