Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

20 Juny 1998

Yn Hjoed fan 20 juny 1998 is de offisjele betinking fan Fryslân 500 te sjen. Dat wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert yn bywêzen fan prinsesse Margriet. Kommissaris Loek Hermans faget de flier oan mei de minsken dy't krityk ha op Fryslân 500. Fryske organisaasje boykotte de betinking. Neffens Hermans is 1498 in kearpunt yn de skiednis en hat it de basis lein foar ús bestjoersfoarm. Yn de dêropfolgjende reportaazje is te sjen dat oan de oprop om te flagjen net folle gehoar jûn is. Yn Bitgum wapperet de swarte flagge oan de tsjerketoer, in inisjatyf fan de koster.

Spegels: CKV les

Spegels: CKV les

10 Oktober 2002

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering stiet yn it teken fan CKV workshops yn 'e Harmonie.

LTV_BOER_KEARPUNT_140698_WR

Boer op in kearpunt

14 Juny 1998

We sjogge by de famylje Van der Meulen. Yn 1991 wienen we dêr ek op har pleats mei 80 kij yn Eastermar. No sân jier letter buorkje se yn Eenrum yn Grinslân. Neist dat se kij ha, ferbouwe se ek snijmais en jirpels.