In rige út 1996 oer it platfoarm L7 fan Elf Petroland yn de Noardsee. De trije dielen oer it boareilân behannelje de technyk fan it oaljewinnen, de feiligens en it libben offshore.
De alvestêde-estafettetocht foar roeiers hie yn 1994 in jubileum. Foar de tsiende kear wie de start yn Ljouwert. Om acht oere jûns sette dêr de earste boat ôf foar de lange tocht dy't ek nacht gewoan trochgie. Yn Balk moast der 600 meter "klúnd" wurde by de Luts del.
It Fryske lesprogramma "Nij yn Fryslân" is gearstald troch de Afûk en makke yn gearwurking mei Omrop Fryslân Televyzje. De lessen binne bedoeld foar minsken dy't nij yn Fryslân komme en de taal net kenne. Yn de studio ien fan de inisjatyfnimmers, Koen Eekma. En de Fryske reedriders Falko Zandstra, Ids Postma en Rintje Ritsma traine dizze wike foar it earst wer op it iis fan Thialf, ûnder lieding fan de nije coach Wopke de Vegt.
De sjongende fiskboer Doede Bleeker fan Starum lit him op syn nije cd, Mingde Gefoelens, fan syn gefoelige kant sjen. Hy wol fan syn 'misthoarn-imago' ôf.
Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma binne noch op de Lauwersmar. Mei Jeroen Bouma besjocht Simone de natuer op ien fan de eilantsjes yn de mar. Ek praat se mei leafhawwer Henk Schaafsma dy't net folle ha moat fan de nije toeristyske ûntwikkelingen. En se moetet D. van der Schoot. Dizze 78-jierrige man fart 4 moannen yn it jier op syn tsjalk en lit dan syn frou thús. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de Grinzer famylje Bouma op de Lauwersmar. Se komme der al 30 jier, it is in lestich mar fanwege de grutte djipteferskillen. Mei H. Nauta praat Simone oer de skiednis fan de mar dy't ûntstien is nei de ôfsluting fan de eardere Lauwerssee. Hy fertelt ek oer de slûzen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de trekskûte nei Dokkumer Nije Silen oer de Strobosser Feart. Underweis fertelt gids Max Posthuma oer de slûs fan Dokkumer Nije Silen. Dêr praat Simone mei wat toeristen, in fisker en mei de patatboer dy't dêr al 19 jier mei syn wein stiet. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei in trekskûte dy't tsjinst docht as rûnfeartboat troch Dokkum. Skipper Germ Keizer fertelt oer de skiednis fan it skip en gids Max Posthuma fertelt de gasten oan board oer de skiednis fan Dokkum. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede farre op de Leyen by Eastermar mei de motorboat fan K. Land. Underweis fertelt er oer wat se tsjinkomme yn de natuer. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar. Se farre mei Jikke en Sjirk Wittermans mei. Jikke is berne by de mar en swom der as bern al. Sjirk hat syn libben lang al fearn. Afke fertelt oer Hendrik Bulthuis de kapper fan Burgum dy't mei syn ûntwerp fan de 16 Kwadraat in boat betocht foar de gewoane man, de BM-er, neamd nei de Burgumermar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.
Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar by Klein Zwitserland. Se prate mei R. van der Ploeg dy't der alle wykeinen mei de boat komt sadat de bernsbern dêr boartsje kinne. Ek prate se mei in fisker en mei Fokko Eybergen dy't in speedboat hat. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.