Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel seis fan de twadde searje is se yn de Stellingwerven. Se is by de rivier de Tsjonger, dy't tsjinnet as skieding tusken Fryslân en de Stellingwerven. De rivier is kanalisearje, rjocht makke, en der binne slûzen om't der ferfal yn it ferrin sit. Se sjocht yn Wolvegea dêr't in ferhaal oer Peter Stuyvesant yn it Stellingwerfsk ferteld wurdt, yn Aldeberkeap fertelt se oer de Geitefok.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel fiif fan de twadde searje is se op It Hearrenfean. Se leit út wêr't de namme weikomt en giet yn op de skiednis fan it plak dat ryk wurden is troch de turfwinning op it heechfean. Se sjocht by it âlde Crackstate en by it nije yndustrypark. Se sjocht hoe't fytsen makke wurde by Batavus en fertelt oer de earste fleantocht yn Nederlân dy't Clement van Maasdijk yn 1910 makke by It Hearrenfean.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel fjouwer fan de twadde searje rint se lâns de feart en sjocht se wat se ûnderweis oan bisten tsjinkomt. Se fertelt oer de earrebarre en sjocht by it Eibertsnêst yn Earnewâld, se sjocht by reidsnijers en krijt yn Wergea it ferhaal fan Ake's Tiental te hearren. We sjogge by de Alde Feanen en yn Grou by in seilmakker.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel trije fan de twadde searje is se yn de Fryske haadstêd, Ljouwert. Se fertelt oer de skiednis fan de stêd dy't ûntstien is út trije terpen. Stadichoan waard de stêd grutter en kamen der kleasters en stinzen (stiennen huzen). Se sjocht by de Grutte Tsjerke, de Aldehou, de feemerk, Ús Mem en it Friesch Rundvee Stamboek, suvelfabryk Friesland Dairy Foods en yn de Prinsetún.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel twa fan de twadde searje is se op It Bilt. Dit jongste part fan Fryslân wie earder de Middelsee en is ûntstien nei't in dyk oanlein waard. Karin fertelt oer de skiednis fan de Bouhoeke, dêr't de grûn fruchtber is troch de klaai. Se fertelt oer it ûntstean fan de doarpen Sint-Jabik, Sint-Anne, Froubuorren en Aldebiltsyl. De ynfloed fan de Hollânske dykwurkers is yn de strjitnammen werom te sjen.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel ien fan de twadde searje is se op Skylge. Se fertelt oer de fjoertoer Brandaris en syn skiednis en sjocht op it strân. Troch stoarmen binne tal fan skippen ferlern gien en dat is te sjen op in wrakkekaart en op de grêfstiennen. Ek fertelt se oer de KNRM, de rêdingsmaatskippij. Op it Waadeilân groeie in soad cranberrystruken en Karin fertelt hoe't dat komt en sjocht watfoar produkten oft der mei makke wurde kinne.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel seis is se yn Gaasterlân, dêr't heuvels binne út de IIstiid. Se sjocht by it Reaklif, in klokkestoel en de Rysterbosk en de bisten dy't dêr libje, lykas de das. Se praat mei Johan de Jong oer tsjerkûlen.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel fiif giet it oer de grutte Fryske marren, lykas de Snitser Mar en de Fluezen. Dat lûkt in soad toeristen, en by de plakken oan it wetter fertsjinje in soad minsken har jild yn de toeristyske sektor. We sjogge by it Hooglandgemaal yn Starum en Karin leit út watfoar type pleatsen oft der binne en se praat mei fierljepper Rimmer Abma.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel fjouwer rint se troch de Greidhoeke. Dêr binne in soad boeren mei kij. Se fertelt oer it boerebedriuw, dat boeren (keunst)dong oer it lân struie, gers meane en se leit út wat kuil is. Ek sjogge we by it melken en hoe't tsiis makke wurdt yn it fabryk. En Fryske hynders en aaisykje komme ek oan de oarder.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel trije rint se troch it Lege Midden, it gebiet dat leger leit as de rest fan de provinsje. Der is in soad wetter, marren en puollen mei diken deromhinne om drûge fuotten te hâlden. It Woudagemaal pompt it wetter fuort. Se giet yn op de skiednis fan de turfwinning, is by de Alde Feanen en sjocht by it suverjen fan wetter by de wetterlieding.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel twa rint se troch de bouhoeke, dêr't troch de fruchtbere klaai gewaaksen ferboud wurde, lykas sûkerbiten en ierappels. We sjogge hoe't sûker makke wurdt út in sûkerbyt. By de tinkstien fan it eardere kleaster Klaarkamp by Rinsumageast fertelt se oer dat kleaster, se is by Burdaard, by de terp fan Hegebeintum en by de PC.
Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel ien begjint se op it Waad en fertelt se oer eb en floed, de fûgels, seehûnen en skulpen. Dan giet se fierder oer de seedyk dêr't skiep rinne. Se praat mei ien dy't skieppetsiis makket. Fierder op har tocht sjocht se terpen en sjocht se by in mûnder.