Fryslân Dwerstroch 0201: Skylge

16 Septimber 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel ien fan de twadde searje is se op Skylge. Se fertelt oer de fjoertoer Brandaris en syn skiednis en sjocht op it strân. Troch stoarmen binne tal fan skippen ferlern gien en dat is te sjen op in wrakkekaart en op de grêfstiennen. Ek fertelt se oer de KNRM, de rêdingsmaatskippij. Op it Waadeilân groeie in soad cranberrystruken en Karin fertelt hoe't dat komt en sjocht watfoar produkten oft der mei makke wurde kinne. Ek hearre we in ferhaal yn it Aasters, in Skylger dialekt en we sjogge by natuergebiet Boschplaat en by einekoaien.