Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SJOERD_DE_VRIES

Sjoerd de Vries: It lânskip fan de geast

31 Oktober 1993

Portret fan byldzjend keunstner Sjoerde de Vries. Alle dagen reizget er mei de trein fan Ljouwert nei It Hearrenfean dêr't er yn in flat syn atelier hat. Hy makket lânskippen en portretten en fertelt oer syn ynspiraasjeboarnen. We sjogge him ek oan it wurk en hy jout ek les.

Sybe Satellyt 0203

Sybe Satellyt 0203

12 Novimber 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hûn Sjef hat har jierdei en Sybe sil om in kado út. Hy komt yn de Wereldwinkel telâne. Dêr fertelt Ate de Jong oer de produkten en har skiednis, lykas wêr't kofje wei komt. Ek sjocht er by in trimsalon dêr't hûnen wosken en knipt wurde en sjocht er by in eksposysje yn Natuurmuseum Fryslân.

Sjoch Mar: Basketbal

Sjoch Mar: Basketbal

15 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by de basketballers fan Aris yn Ljouwert. De klup komt út yn de earste difyzje. Mar ek de bân mei de jeugd is belangryk, de bern krije training fan de seleksje.