Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Reve-yn-Fryslan-1_Een-huisje-in-Fryslan_WR

Reve yn Fryslân (diel 1): Een huisje in Friesland

12 Desimber 2006

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Mei syn partners, Henk van Manen (Woelrat) en Willem van Albada (Teigetje) sjogge we werom op dy tiid. Fia kunde kaam Reve yn Greonterp telâne, hy socht der rêst en in eigen plak. Ek doarpsgenoaten komme oan it wurd en de dochter fan de kroechbaas yn Blauhús dêr't Reve geregeld kaam en ek nei de Roomske mis gie.

LTV_De-wrald-fan-reid_WR

De wrâld fan Reid

12 Oktober 2008

Strontrace-kopstik Reid de Jong wie yn 2008 ûnderwerp fan dizze dokumintêre. Hy wenne doe al 40 jier mei Cornelie op de fjoertoer yn Warkum, sûnder stroom of rinnend wetter. Reid is bekend wurden as organisator fan de Strontrace. Mei in lading drûge dong sile de skippen om it hurdst fan Warkum nei Súd-Hollân, en werom.

LTV_IN_SKIP_MEI_KARAKTER_2.mxf

In skip mei karakter

05 Septimber 1993

Yn dit programma sjogge we trije âlde skipstypen foarbykommen: sleepboat, pream en beurtskip. Kees en Cock Duijvesteijn komme fan it Westland en wenje no oardel jier oan it PM-kanaal by Warten. Se kochten sleepboat HZ8, se binne der wiis mei fanwege it robúste karakter. Op de nasjonale sleepboatdagen yn Amsterdam treffe se oaren mei ek in sleepboat, net in boat is gelyk. It skip is boud yn 1929 en die oant 1978 tsjinst. Sjerp de Vries fan Terherne hat in pream, dat is eins in boereskip. We sjogge tal fan preammen by de Langwarder Wielen, ek byldzjend keunstner Ids Willemsma hat in pream.