Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WALDRINNER_JAAP_LOUWES_WEROMROP

Wâldrinner Jaap Louwes

27 Desimber 1992

In portret fan sjonger Jaap Louwes fan Haulerwyk. Hy is sjonger fan Bricquebec, mar treedt ek solo op. We sjogge by him thús, ûnderweis op de brommer mei de gitaar op de rêch en by studio-opnamen. Ek sjogge we him solo optreden yn in kroech, en mei de band yn in tinte. Hy fertelt oer syn leafde foar muzyk en de Fryske taal. Omroppresintator Gurbe Douwstra hat him yn de studio en is fan. Publyk mei oer syn muzyk om't er gewoan is en yn begryplike taal sjongt.

LTV_De-Wieringermar-under-wetter_WR

De Wieringermar ûnder wetter

04 Maaie 2008

Op 17 april 1945 waard yn opdracht fan de Dútsers de dyk om de Wieringermarpolder hinne trochstutsen en oerstreamden alle lân en pleatsen fan de polder dy't yn 1930 yn kultuer brocht wie. Trije mannen sjogge werom op dy tiid: Sytze Faber, Tjeerd Veenstra en Broer Holtrop. De skiednis fan de polder, de oerstreaming en de weropbou komt oan bod mei argyfbyld ek.

LTV_IT_LAN_SAKKET_050300_WR

It lân sakket; oer de gefolgen fan de boaiemdelgong

05 Maart 2000

Programma oer boaiemdelgong; we sjogge by minsken yn Grou, Boazum en Pitersbierrum dy't skea hawwe oan har huzen, der binne skuorren en fersakkingen. Tal fan saakkundigen komme oan it wurd: wurdt de delgong feroarsake troch gas- en sâltwinning of net? De bedriuwen (Elf Petroland, NAM en Frima) sizze dat de skea troch oare oarsaken ûntstean kin, oaren betwivelje dat. Ek de polityk komt oan it wurd.