Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_De-fergetten-koker_WR

De fergetten koker

25 Maaie 2008

Yn it depot fûn it Fries Museum in bysûndere Japanske lakkoker út de 17de iuw. Hy wie fan Hendrick van Buijtenhem, opperhaad fan de VOC-fêstiging op it Japanske hannelseilân Deshima. De koker is beskildere en der sieten dokuminten yn fan Van Buijtenhem. We dûke yn de skiednis fan de man en de koker. It ferhaal begjint yn Fogelsanghstate yn Feankleaster, earder in úthôf fan it museum.

LTV_IT_SNELLE_SPOAR_081000_WR

It snelle spoar

08 Oktober 2000

Yn maart 1998 waard in histoarysk akkoart mei it earste kabinet Kok sluten: it ekonomysk swakke Noard-Nederlân soe in miljarde-ynjeksje krije en der soe in helberensûndersyk komme moatte foar in flugge ferbining tusken it westen en it noarden fan it lân. De noardlike provinsjes oriîntearje harren dêrom op de nijste en rapste techniken. Der wurdt ynset op de magneetsweeftrein, in djoere opsje dêr't de mieningen oer ferdield binne. Ek as de kânsen keare, hâlde bestjoerders oan de sweeftrein fêst. Yn 2000 brocht dizze dokumintêre in oersjoch.

LTV_FRIJFAAM

Frijfaam

18 Desimber 1994

Yn dit programma komme seis froulju op leeftiid oan it wurd, se fertelle oer har libben as frijfaam. Dat se noait troud west ha, hat foar- en neidielen sizze se. Se fertelle oer út watfoar húshâlding oft se komme, oer har oplieding, wurk en hobbys. Se ha der allegear frede mei dat se allinne binne. De froulju binne: Wytske Verloop (Aldegea, W), Detsje Koen en Durkje de Boer (Ljouwert), Antsje Joustra (Easterein), Doet Miedema (Dokkum) en Stien Draaisma (Boalsert)