Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 13: Koartsluting

LINKK 13: Koartsluting

25 Jannewaris 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer koartsluting, ûnder oare oer it boek Koartsluting fan Akky van der Veer, mar ek oer koartsluting yn de holle ast hiel boas bist. En fierder oer wjerljocht en psychoterapy.

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

Hjoed: Loftmachtdagen 2001

06 July 2001

Yn 2001 hâlde de fleanbasis Ljouwert iepen dagen. Op de earste dei, 6 july, kamen der goed 90.000 besikers op ôf. Kommandant J. Willemse wie tefreden en omwenners en fleantúchspotters seagen har de eagen út.De fleanshow wie in spektakel.

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

25 July 2001

Thús by Johan Veenstra yn Nijeholtpea, skriuwer en kollumnist foar de Ljouwerter Krante en ek bekend fan de lokale radio.