Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSLAN_LYTS_OPERASJONGER_HENK_SMIT_WEROMROP

Fryslân is te lyts 1: de operasjonger

24 Novimber 1991

In portret fan Henk Smit, de meast frege en suksesfolste operasjonger fan Nederlân, hy sjongt yn tal fan produksjes yn binnen-en bûtenlân. Hy is berne yn Surhústerfean yn in muzikaal fermidden. Yn 1951, hy wie 19 jier, emigrearre de famylje nei Kanada en dêr begûn er mei sjongen. No wennet er yn Amsterdam. We folgje him by de repetysjes foar Aïda, by de kap en grime en sjogge in stik fan de útfiering.

LTV_400_JIER_NEI_WILLEM_BARENTSZ

400 jier nei Willem Barentsz

06 Oktober 1996

Untdekkingsreizger Willem Barentsz fan Skylge ûndernaam yn 1596 syn wrâldferneamde ekspedysje en kaam fêst te sitten yn it iis op Nova Zembla. Syn bemanning oerwintere yn it selsboude Behouden Huys. Op Skylge is in stânbyld fan Barentsz ûntbleate en is in replika fan it hûs boud. Undersiker Louwrens Haquebord hat op Nova Zembla west foar ûndersyk.

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

09 Maart 2005

Programmamakker Annet Huisman folget Theater Romein yn Ljouwert dat hast ticht moat. De Westertsjerke biedt plak oan in ferskaat oan kulturele uteringen lykas dûns, literatuer, muzyk, keunst, debat, teätersport en eksposysjes. De polityk hat besletten dat Romein slute moat, mar de besikers, meiwurkers en artysten binne it der net mei iens. We sjogge by it stêfoerlis, it konsert fan Conjunto Ibérico en teätersport.