Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0102

Sybe Satellyt 0102

23 Oktober 1990

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de limonademasine op in skoalle yn Easterein, praat mei Ultsje Hosper oer it stoart yn De Alde Feanen by Earnewâld, sjocht by it bernekoar Presovcata út Tsjecho-Slowakije en by de oanlis fan it akwadukt by Grou.

LTV_HIMPENS

LTV: De grûn wurdt fergroeven

12 Septimber 1999

Yn 1999 lizze de buordoarpkes Himpens/Tearns noch op it plattelân ûnder Ljouwert. Mar de greiden deromhinne sille folboud wurde mei huzen. Der wurdt mei mingde gefoelens sjoen nei de bou fan de nije Ljouwerter wenwyk Suderbuorren, dy't Himpens/Tearns opslokke sil.

Skriuwers yn byld: Jan Wybenga

Skriuwers yn byld: Jan Wybenga

10 Juny 1990

Jan Wybenga (1917- 1994) wie ûnderwizer en letter learaar Nederlânsk. Hy wûn twa kear de Gysbert Japicxpriis, yn 1965 en 1977. Mei syn moderne gedichten skokte er de lêzers. Hy koe ek goed tekenje. Hy siet yn redaksjes fan literêre blêden en skreau resinsjes.