Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Lûd: In Limbo

Lûd: In Limbo

10 Novimber 2004

Muzykprogramma dat op in kreative wize in byld sketst fan Fryske jongerein yn de muzykwrâld. It programma is makke troch studinten fan de oplieding Kommunikaasje oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn eltse ôflevering wurdt achter de skermen sjoen by bandsjes út de regio. De dielnimmende bands binne: Alphaband, Jitiizer, Putrid Remnants, In Limbo en Melanocaster.

Tûkelteammen 0107

Tûkelteammen 0107

12 Novimber 2002

De dielnimmers oan dizze taalkwis binne yn team 1: Helena de Boer, skriuwer en tekener fan Bear Boeloe, en Hinne Smedes; team 2: muzykdosint Anne Oosterhaven en Jan Toering.

LTV_Nij_lan_alde_grun_3_1

LTV: Nij lân, âlde grûn diel 3

01 Novimber 1996

It lêste diel fan it trijelûk oer Fryske boeren dy't in takomst yn de earste DDR sykje. De famylje Breitsma hat 500 stiks fee op in pleats yn East-Dútslân. Dit tredde diel is yn de prizen fallen: programmamakker Piter Tjeerdsma hat de "France 3 Trophy" wûn.