Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0804

Sybe Satellyt 0804

09 Desimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. It giet oer dôf-wêzen en de ôflevering is dêrom ek ûndertitele. Sybe praat mei Bea Visser, se is dôf berne. Sybe leart oer gebaretaal. Ek sjocht er by de dôveskoalle yn Haren en Wieke de Haan makket mei fjouwer bern in krystmiel.

PETEAR_JOOPVANDENBERG

It Petear: Joop van den Berg

08 Febrewaris 1994

Skiedend twaddekeamerlid Joop van den Berg (PvdA) is de earste gast dêr't Klaas Jansma mei yn petear giet.

Sjoch Mar: Tennis

Sjoch Mar: Tennis

11 Augustus 1997

Arjen de Boer is by it tenniskampioenskip yn Beetstersweach. Der binne gjin skiedsrjochters en ballejonges en nei ôfrin fan de wedstriid moatte de spilers sels de baan feie.