Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0405

Sybe Satellyt 0405

18 Jannewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn it flechtlingesintrum fan Ljouwert dêr't Fryske en bûtenlânske bern meiïnoar yn de kunde komme en hy praat mei Bosnyske bern op skoalle de Hoogfinne yn Ljouwert. Fierder giet Sybe nei de karnavalsferiening yn Blauhûs.

PETEAR_HENKKROES

It Petear: Henk Kroes

20 Septimber 1994

Henk Kroes, yn 1994 iismaster en direkteur fan It Fryske Gea, giet yn petear mei Klaas Jansma.

It Ljocht Op: Kompilaasje 2

It Ljocht Op: Kompilaasje 2

27 Juny 1997

In kompilaasje fan ferskate ôfleverings fan It Ljocht Op, mei: fierljepper Marcel Nijboer, sterke man Tjalling van de Bosch, keatser Sake Porte, springruter Hester Klompmaker, en fuotballer Pieter Huistra.