Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ITDOARP_DEHOEVE_240699_2

It Doarp: De Hoeve

24 Juny 1999

Portret fan it doarp De Hoeve en syn 400 ynwenners. Der binne gjin winkels mear, mar wol in basiskoalle en in ryk ferieningslibben. We sjogge by op skoalle, by it koar, de kuorbal, rivier de Linde, de ielkwekerij en de biologyske túnker. Yn it doarp wenje ek in keunstskilder en in regisseur/senarioskriuwer.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.