Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DoutzenKroes-Frysk-topmodel-yn-Milaan_WR

Doutzen Kroes. Frysk topmodel yn Milaan

21 Maaie 2006

We folgje Doutzen Kroes (21) fan Eastermar by har wurk yn Milaan. Nei de havo soe se nei de pabo, mar dat rûn oars. Nei't se wat fakânsjefoto's opstjoerde nei in modelleburo yn de hoop op in bybaantsje, is se no in ferneamd model en sakefrou. "Ik bin myn eigen bedriuw." We sjogge achter de skermen by moadeshows, castings en fittings. Se fertelt oer har libben as topmodel, oer de moaie glamourkant, mar ek oer de mindere kanten sa as de iensumheid, de lange dagen en it reizgjen. Ek binne we by har thús yn Eastermar, se wol goeie dingen mei har jild dwaan.

Sjoch mar: Skermjen

Sjoch mar: Skermjen

23 Febrewaris 1998

Yn dizze ôflevering fan Sjoch Mar folget Arjen de Boer Andries Toth. Hy wennet yn Aldtsjerk en docht mei oan de top fan it skermjen.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.