Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 8: Sleat

It Wetter Op 8: Sleat

29 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal farre op de Sleattemermar yn de sloep fan Piet Hoogeveen. Yn Sleat prate se mei brêgewipper Hendrik Spoelstra, fakânsjegonger Aleida Samplonius dy't in sleepboat hat, in Dútske toerist en famkes dy't mei scouting troch Fryslân farre. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

SADWAANDE_010502_MUNENS

Sadwaande: Mûnen

01 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer mûnen. Fryslân hie in soad mûnen en der binne no ek in soad mûnen. We sjogge by ferskate types lykas de wettermûne (yn de polder) en de yndustrymûne (foar nôtmealjen of houtseagjen). We hearre oer de skiednis fan de mûnen en sjogge hoe't in mûne krekt wurket. Dat dogge we yn Wânswert, Drylts en Wâldsein. Op it Friesland College knappe learlingen in mûne op. Floris hat fansels ek wol wat mei mûnen.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 3

Linkk Ekstra: Do makkest teater 3

31 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 3 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer ljocht. Se sjocht by de tariedingen fan de teatertoer fan Twarres dêr't ljocht in soad fan de sfear útmakket. Patrick Kramer is beljochter en lit it effekt fan de ferskate soarten ljocht sjen. Ek yn in telefyzjestudio is ljocht hiel belangryk. Learlingen fan de MBO-oplieding fotonica leare oer ljocht.