Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Frysk Festival: Salut au Monde yn Fries Museum

Frysk Festival 3: Salut au Monde yn Fries Museum

17 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Yn it Fries Museum wie in tentoanstelling oer it tema mei allerhanne lânskipsskilders. Net inkeld Fryske, lykas Klaas Koopmans en Willem van Althuis, mar ek bûtenlânske keunstners waarden útnûge om it Fryske lânskip fêst te lizzen. Gastkonservator Wim van Sinderen jout útlis by de útstalling.

SADWAANDE_170402_FRYSKE_HANNEL

Sadwaande: Fryske hannel

17 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer Fryske hannel. We sjogge werom op de hannelsmisje nei Sina dy't trije moannen lyn wie. Dêrby wie kommissaris Ed Nijpels en tal fan bedriuwen om te sjen oft se har produkten, fan kantoarmeubels oant promoasjemateriaal op de Sineeske merk ôfsette kinne. Floris betinkt har eigen eksportprodukt: Fryske dúmkes.

LTV_AUKE_DE_VRIES

Auke de Vries: byldzjend keunstner

06 Novimber 1994

Portret fan byldzjend keunstner Auke de Vries. Hy is yn 1937 yn Burgum berne. Syn wurk is 'poëzy yn de romte'. Hy makke wurk foar by de Maas yn Rotterdam, de Twadde Keamer yn Den Haag, mar syn wurk is ek yn Dútslân en Spanje te finen. Hy fertelt oer syn ynspiraasje en wurkwize.