Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.

Fytsalvestêdetocht 1994

Fytsalvestêdetocht 1994

24 Maaie 1994

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Yn Boppedat sjogge we hoe't de tocht fan 1994 gie.

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

22 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it Frysk kampioenskip golf yn Sint-Nyk. Om't er de spilers by de wedstriid net steure mei, rydt Arjen yn in golfkarke oer de 'green' en praat er dochs mei in pear golfspilers en in skiedsrjochter, ûnder oare oer it 'putten'.