Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SOKRATES_FR_160901_WR

De Fryske Sokrates (diel 1)

16 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof, en like grut as Erasmus en Spinoza. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Syn heit wie heechlearaar Gryksk oan de Frjentsjerter universiteit.

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

Hjoed: Aaipop 13 april 1998

13 April 1998

Mear as 2500 minsken binne op dit stuit by Aaipop. En dat binne der sa'n 500 mear as oare jierren. Foar de 12e kear organisearret de stichting Aaipop op peaskemoandei in folslein Frysktalich popfestival yn Nijlân. Mei 18 bands en artysten. Nij talint mar ek bekenden. De Mande yn Nijlân is dizze dei in muzyksupermerk dêr't op fjouwer ferskillende poadia hast alle muzykgenre's brocht wurde dy't mar te betinken binne. Fan punk, funk rock en pop oant bigband en harksankjes fan fryske trûbadoers. It programma is fan 'e middei om twa oere begûn en duorret oant 10 oere jûn.

Spegels: Kleefstra en Staal

Spegels: Kleefstra en Staal

17 July 2003

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear stean Frederike Kleefstra en Corinne Staal sintraal.