Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Klaas Jansma

Van Tuinen Thús by Klaas Jansma

08 July 2003

Thús by Klaas Jansma yn Garyp, ferslachjouwer Skûtsjesilen by Omrop Fryslân en eigen boekerubryk yn Omnium.

Wurktiid TV: Skipstimmerman

Wurktiid TV: Skipstimmerman

13 Novimber 1996

Baan fan de wike yn dizze Wurktiid TV is allround skipstimmerman by in jachtboubedriuw yn Dronryp. B. van Zandbergen leit út wat de funksje ynhâldt. We sjogge ek by útstjoerburo Ad Rem dat yn de NHL yn Ljouwert sit. Se rjochtsje har spesifyk op hbo-studinten. Ofstudearre Ilse Lageman wurket fia Ad Rem by Wetterskip Fryslân, se makket dêr in ferfierplan. De tip fan de Keamer fan Keaphannel is: ûndersykje oft der subsydzjemooglikheden binne.

Skriuwers yn byld diel 3: De Halbertsmas

Skriuwers yn byld diel 3: De Halbertsmas

17 Maart 1988

Joast, Eeltsje en Tjalling Halbertsma út Grou betsjutten in soad foar de Fryske literatuer yn de 19e iuw. De bruorren Halbertsma brochten it folksboek Rimen en Teltsjes út, dy’t fol stie mei ferhalen en ferskes út dy tiid. Yn dizze tredde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' krije jo yn yndruk fan it libben fan de trije bruorren.