Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MYNDOMYN_261005_VISSER

Myn Domyn: Motorracer Arnout Visser

26 Oktober 2005

Portret fan de 24-jierrige motorracer Arnout Visser út Dronryp. De snelheid en de technyk fynt er moai oan it racen, hy is der altyd mei dwaande en stekt al syn jild en tiid deryn. We sjogge by him op it wurk by in automatisearringsbedriuw yn Boalsert, by de motor yn de garaazje, by in race op it sirkwy yn Assen en by syn metalband Mortuary I.O.D. dêr't er fanwege it racen mei ophâlde moast. Ek syn famylje is gek fan racen wurden.

ABD-sjoo 0302

ABD-sjoo 0302

07 Oktober 2003

Yn dizze ABD-sjoo de skoallen de Streek út Tsjalbert en d'Aldewei út Gersleat. Fierder omtinken foar judo, wurchslangen en streetdance.

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

De Nije Moanne: It ferkiezingssirkus

03 Maart 1991

Op 6 maart meie de kiezers stimme by de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn de oanrin dêrnei ta sjogge we by ferskate kandidaten op kampanjetoernee: Sicko Heldoorn fan de PvdA, Marten van der Veen fan de FNP en Minke van der Ploeg fan it CDA.