Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

Wyn op Woansdei: Oranjegefoel

30 April 2003

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket it Oranjegefoel, net dat wat mei it fuotbaljen te krijen hat, mar mei it keningshûs. Wat is de hâldberheidsdatum fan de monargy? Hy giet op besite by jonker Cees van Eysinga en syn frou barones Van Harinxma thoe Slooten yn Huize Boschoord yn Sint-Nyk. De jonker wie 23 jier lang keamerhear fan Juliana en Beatrix en hat nauwe bannen mei de keninklike famylje. Ek praat Gerard van der Veer mei twa republikeinen dy't neat fan it keningshûs ha moatte: Lútsen Haak en Yvonne Rutgers.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.

Fryslân Dwerstroch 0203: Troch de stêd

Fryslân Dwerstroch 0203: Troch de stêd

25 Novimber 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel trije fan de twadde searje is se yn de Fryske haadstêd, Ljouwert. Se fertelt oer de skiednis fan de stêd dy't ûntstien is út trije terpen. Stadichoan waard de stêd grutter en kamen der kleasters en stinzen (stiennen huzen). Se sjocht by de Grutte Tsjerke, de Aldehou, de feemerk, Ús Mem en it Friesch Rundvee Stamboek, suvelfabryk Friesland Dairy Foods en yn de Prinsetún.