Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ANARGISME_YN_APPELSKEA

Anargisme yn Appelskea

04 Juny 1995

Fan âldsher kamen de anargisten mei de pinksterdagen yn Appelskea by inoar. Yn 1933 wienen dat de Vrije Socialisten dy't anty-militaristysk wienen en gjin alkohol brûkten. No komme tal fan minsken noch nei de Pinksterlanddagen, se binne begien mei natuer en miljeu en noch altyd links yn tinken. Besikers fan no en earder fertelle deroer.

Sybe Satellyt 0503

Sybe Satellyt 0503

22 Novimber 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht hoe't pipernuten makke wurde by it fabryk fan Modderman yn Rotsterhaule en Sake Roodbergen fertelt oer poddestuollen dy't op beammen groeie.

Spegels: Lytse priis fan Snits

Spegels: Lytse priis fan Snits

05 Juny 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering stiet de muzyk fan de Lytse priis fan Snits sintraal.