Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ANNE_FEDDEMA_241099_WR

Anne Feddema syn algemistysk muzikaal kokentsje

24 Oktober 1999

Portret fan de alsidige Anne Feddema, hy is dichter en byldzjend keunstner. Yn syn wurk spilet muzyk in grutte rol. Hy fertelt oer syn libben en wurk. We sjogge him optreden yn Delfshaven en by Poetry International yn Rotterdam, op in keunstbeurs en yn syn stêd Ljouwert. It Liwwadders spilet ek in rol yn syn wurk.

LTV_ANNEKE_DOUMA_090397_WR

Anneke Douma, koaningin fan it Fryske liet

09 Maart 1997

Portret fan sjongeres Anneke Douma. Se fertelt wat sjongen foar har betsjut en hoe't se begûn is. We folgje har ûnderweis nei ferskate optredens dêr't se altyd in feestje fan wit te meitsjen mei har wrâldferneamde hit Bonkefeart. We sjogge har oan it wurk mei sjonger Piter Wilkens en yn de studio, by in optreden mei kabaretier Teake van der Meer en by sykhelcoach Ina Buisman.

LTV_GRIZE_TAKOMST_1_WEROMROP

De grize takomst, diel ien

24 Maaie 1992

Yn in twalûk sjogge we nei âlderein. Der komme hieltyd mear âlde minsken. Yn trije portretten sjogge we hoe ferskillend oft se libje en wenje. Paulus de Haan (83) wennet yn it bejaardehûs Brugchelencamp op De Westereen. Syn wenromte is lyts, hy sliept yn de wenkeamer, syn iten wurdt fersoarge en der binne aktiviteiten. Aagje Pool (67) hat in wengroep foar âlderen oprjochte yn Seisbierrum, se dogge alles sels en der is soad romte. Hieke Dijkstra (84) wennet op harsels yn Ljouwert. Se is net sa fluch mear mar noch hiel aktyf, docht sels de boadskippen en is geregeld gastfrou.