Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0103: Berne-opfang

Tritigers 0103: Berne-opfang

19 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it tredde diel stiet de berne-opfang sintraal. De reportaazje giet oer in stel dat in sabbatical nimt om in grutte syltocht te meitsjen.

Wâldrock 1999

Wâldrock 1999

03 July 1999

In protte leven wer hjoed yn Burgum. It Wâldrockfestival gong dêr fan 'e middei los. Sa'n 5.000 hardcore en heavymetalfans kamen op it festival ôf. Sa'n 2.500 minsken minder as ferline jier. Under de besikers wol in spesjalen ien trouwens. Aad Bos fan de arbeidsynspeksje. Hy kontrolearret it festival op feilichheid, arbeidsoeren en fansels op desibels. Yn de streamende rein komme de minsken binnen. Net leuk fansels, mar de muzyk makket in hoop goed. Want dêr giet it harren om. En ek Bos. Hy rint al in pear dagen op it festivalterrein.

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

12 Jannewaris 1997

It earste diel fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama.