Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FOPPE_WR

Fryslân Foppe!

16 Maaie 2004

Portret fan SC Heerenveen-trainer Foppe de Haan, dy't yn 2004 ôfskie nimt. De doe 60-jierrige trainer siet dat jier foar it lêst op de bank by de kompetysjewedstryd tsjin FC Twente. Yn dizze dokumintêre is de oare kant fan de trainer te sjen: it aaisykjen mei syn maten en it fuotbaljen mei syn pakesizzers. Mar fansels wurdt der ek oer fuotbal praat, mei ûnder oaren in weromblik op de KNVB-finale yn 1992.

Fryslân Dwerstroch 0106: Lâns Gaast en Klif

Fryslân Dwerstroch 0106: Lâns Gaast en Klif

06 Juny 1997

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje, fan noardeast nei súdwest. Yn diel seis is se yn Gaasterlân, dêr't heuvels binne út de IIstiid. Se sjocht by it Reaklif, in klokkestoel en de Rysterbosk en de bisten dy't dêr libje, lykas de das. Se praat mei Johan de Jong oer tsjerkûlen.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.