Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SASEACH_6_HENK_PENNINGA_ERNIE_DAMEN

Sa seach ik Fryslân 6: Henk Penninga en Ernie Damen

27 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel seis Henk Penninga en Ernie Damen, se wurken tusken 1975 en 1983 gear en makken filmyske dokumintêres. We sjogge de earste film fan Damen út 1972 oer pastoar Simon P. Glotzbach, mar dy is noait fertoand om't er ferbean waard. Se makken ek in dokumintêre oer de oanrin nei de yndustryhaven yn Harns (1979) en 'Salomo's eerste rechtspraak' (út 1978) oer it keunstwurk fan Jan Elzinga yn Frjentsjer.

LTV_FISKJE_OP_IT_WAAD

Fiskje op it Waad

12 Septimber 1993

We sjogge oan board fan Wiepie en Binne Toering, se farre mei in garnalekotter op it Waad by Harns. Hy fertelt oer it wurk, we sjogge ek by de ôfslach yn Harns. Syn heit, Willem, wie ek al fisker. Alle jierren sjocht de famylje by it skûtsjesilen op De Lemmer.

Geheimen fan it Gea 6

Geheimen fan it Gea 6

30 Oktober 2001

Oflevering 6: Noard-Fryslân