Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Glêzewasker

Wurktiid TV: Glêzewasker

20 Novimber 1996

Vera Smit presintearret dizze Wurktiid TV, se docht in oprop foar wurk as 'regelneef'. Baan fan de wike is glêzewasker. A. Nijboer fertelt wat it wurk ynhâldt. We sjogge by de Rotaryclub op It Hearrenfean, dizze klup fan sakeminsken set him yn foar goede doelen. Oan it wurd komme A. Geerdink, T. Baas, R. Feenstra en A. Zillinger. En we sjogge by H. Kanon, dy't as betelle frijwilliger by âldere minsken op besite giet.

Baas Boppe Baas 0105: Skytskjin

Baas Boppe Baas 0105: Skytskjin

01 Jannewaris 2001

Froukje sil mei it koar nei Amsterdam, mar Beant fertrout it net hielendal. Dan betinkt hy wat wêrtroch't se wol thúsbliuwe moat...

LTV_TSJEBBEHETTINGA_220398

LTV: Moarn sil it foar ivich maitiid wêze

22 Maart 1998

In portret fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga út 1998. Oanlieding wie de oanbieding fan syn wurk yn Dútske oersetting yn de universiteitsstêd Tübingen. Hettinga waard folge op syn reis troch Dútslân, mar ek optredens fan him yn Fryslân binne filme.