Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MEAR_AS_GRAVE_250296_WR

Mear as grave: archeologyske fynsten

25 Febrewaris 1996

Ut de terpen fan Fryslân binne tal fan archeologyske fynsten dien en ek no wurdt noch ûndersyk dien. It giet om foarwerpen út de iere midsiuwen. Ferneamd binne de fynsten fan Winaam, lykas de fibula. Alles wat dêr fûn is, wurdt besjoen yn it Biologisch Archeologisch Instituut yn Grins. Ek sjogge we by archeologen yn it fjild en by meiwurkers fan stichting Raap, dy't besjocht hoe't archeologyske terreinen better beskerme wurde kinne. Tal fan frijwilligers sitte by it Archeologysk Wurkferbân, se binne nedich foar al it wurk.

Skriuwers yn byld diel 4: Waling Dijkstra

Skriuwers yn byld diel 4: Waling Dijkstra

24 Maart 1988

De grutte man fan de Fryske Beweging Waling Dijkstra út Vrouwenparochie hâldt fan jongs of oan fan skriuwen. Yn 1848 kaam syn dream út. Syn earste individuele liederenbundel: Doaitse mei de Noardsce balke. Mar Dijkstra syn libben wie net altyd sa moai. Sjoch hjir mear oer yn de fjirde útstjoering fan 'Skriuwers yn byld'.

Fan fan: Tonny de Jong

Fan fan: Tonny de Jong

07 Septimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt reedrydster Tonny de Jong it himd fan it liif frege troch Dieuwke van der Werf (12 jier). Se moetsje elkoar yn de sportskoalle.