Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S01E03: Sigerswâld

Geert! S01E03: Sigerswâld

01 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Hy praat mei Henk Veenstra oer it eigen kabelnet fan it doarp, mei fleantúchbouwer Oeds van der Velde en mei Fokko Huisman dy't paranormaal diereterapeut is. Ek sjocht Geert op it hiem fan Wouter Kensen. Hy kaam 24 jier lyn út Amsterdam en fielt him hielendal thús yn Sigerswâld. De live-muzyk komt fan de band Bêst Genôch.

180719_SADWAANDE_22_11_2000_BLYN.mp4

Sadwaande: Blyn

22 Novimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer blyn wêze. We sjogge by Petra Bouma yn Holwert dy't 15 jier lyn blyn waard. Hoe rêdt se har? We sjogge ek by Visio, dêr't helpmiddelen binne lykas brillen en stokken. En we sjogge by Theo Witteveen dy't in soad help hat fan syn helphûn. Prinses op learzens hat de gek mei it blyn wêzen.

Fytsalvestêdetocht 1997

Fytsalvestêdetocht 1997

19 Maaie 1997

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1997 wie wiet mei in soad rein en lekke bannen. Wiebe Wobbes fytste de tocht sels twa kear, foar it goede doel.