Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

Hjoed: babyboom yn Aldegea (Sm.)

27 Juny 2002

Babyboom yn Aldegea-Smellingerlân. Yn it doarp binne de lêste tiid 30 lytse poppen berne. De ynwenners ferklearje de oanwas troch it grut tal jonge minsken dy't yn de nijbou kaam binne. Mar de bakker fan it doarp tinkt dat der mear oan de hân is. Fan 'e middei krige doarpsbelang Aldegea in cheque foar de flink befolkingsgroei én omdat it doarp 100 jier bestiet.

LTV_PIER_VELLINGA_171200_WR

Waarmer en wieter: de gefolgen fan klimaatferoaring

17 Desimber 2000

Prof.dr.ir. Pier Vellinga is klimaatdeskundige. We folgje him yn syn wurk, by in konferinsje yn Den Haag, by lessen oan studinten yn Amsterdam, yn petear mei kommissaris Nijpels, by in telefyzje-optreden by Barend&Witteman en by syn broer op de pleats yn Nijlân. Hy hat noed oer de opwaarming fan de ierde en de tanimmende oerstreamingen. Om minder fossile brânstoffen te brûken moatte we mear wyn- en sinne-enerzjy opwekke seit er en sjen nei biogas.

Baas Boppe Baas 0403: Jildwolf

Baas Boppe Baas 0403: Jildwolf

01 Jannewaris 2004

Der is in soad stress by de famylje Baas. Elkenien mist Sjoerd, Afke is ophâlden mei har wurk en Beant hat syn plakje by de doarpskrante ferlern.