Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSKE_MUNEN_160397_WR

Libje fan de wyn: Fryske mûnen

16 Maart 1997

Ferskillende mûnders fertelle oer de mûne dêr't se wurkje, guon mealle moal, oaren seagje hout. Se ha in grutte passy foar de technyk en de natuer en it ambacht. We sjogge by De Zwaluw yn Burdaard, De Rat yn Drylts, De Hoop yn Stiens, Stienhústermole yn Stiens en Klavermole yn Boalsert.

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

18 Juny 1998

Yn Hjoed in reportaazje oer de tariedings foar de iepen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert yn july 1998. Twa wiken yn it foar wurdt noch drok oefene en lizze de draaiboeken klear foar it ferfier fan al dy tûzenen besikers.

180702_VX-368773.MXF.mp4

Sadwaande: Ids Postma achter it stjoer, ekonomy, oplieding (diel 3), Fryske Diken

06 Maaie 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear de start fan in nije rige: in bekende Fries achter it stjoer, reedrider Ids Postma docht opnij rydeksamen. Yn de searje oer twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen prate we oer it kiezen fan wurk. En we sjogge by it wurk fan de plysje om de Fryske diken feiliger te meitsjen. Fierder in petear oer de konsumpsjemaatskippij en it ferskil mei hoe't minsken yn Zimbabwe libje.