Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

31 Augustus 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de trekskûte nei Dokkumer Nije Silen oer de Strobosser Feart. Underweis fertelt gids Max Posthuma oer de slûs fan Dokkumer Nije Silen. Dêr praat Simone mei wat toeristen, in fisker en mei de patatboer dy't dêr al 19 jier mei syn wein stiet. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Baas Boppe Baas 0106: Asylsikers

Baas Boppe Baas 0106: Asylsikers

01 Jannewaris 2002

Der komme in soad asylsikers nei it doarp fan Beant. Beant en Talieta fine dit mar neat en wolle dat se wer fuort gean. Dochs bart der wat wêrtroch't Beant Baas fan gedachten feroaret...

Keatse yn Europa 1

Keatse yn Europa 1

22 Maaie 1997

Keatse yn Europa. Oflevering 1: De histoarje fan it keatsen