Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

02 Septimber 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma binne noch op de Lauwersmar. Mei Jeroen Bouma besjocht Simone de natuer op ien fan de eilantsjes yn de mar. Ek praat se mei leafhawwer Henk Schaafsma dy't net folle ha moat fan de nije toeristyske ûntwikkelingen. En se moetet D. van der Schoot. Dizze 78-jierrige man fart 4 moannen yn it jier op syn tsjalk en lit dan syn frou thús. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

SADWAANDE_200202_EIM_projekt

Sadwaande: EIM-projekt

20 Febrewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer it EIM-projekt. EIM stiet foar Eigen Initiatief Model en dizze kursus wurdt jûn op it Friesland College oan minsken mei in ferstanlike beheining. Se leare om harsels better te rêden en mear foar harsels op te kommen. We folgje Thea de Jong dy't hiel goed mei hynders kin en sjogge by Sonja van der Wal dy't keukenhelp is. Ek prate we mei begelieders. En Ingrid krijt help by de presintaasje fan Jan Jelle Draaisma. Floris wol de gong skilderje, mar oft se dat handich oanpakt...

Wurktiid TV: Thalassa

Wurktiid TV: Thalassa

26 April 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we op it grutte sylskip Thalassa yn de haven fan Harns. Kocht as kasko en no omboud ta lúkse skip mei plak foar 36 gasten foar tochten op see. Skippers A. Hylkema en H. Stallinga en bemanningslid A. Brouwers fertelle oer it skip en K. Kapitein fan de ynspeksje fertelt oer syn wurk.