Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 23: Ynfrastruktuer

LINKK 23: Ynfrastruktuer

23 Maaie 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer ynfrastruktuer. Wat komt dêr allegear by sjen, by in skoalgebou bygelyks? We prate mei in beliedsmeiwurker ferkear en ferfier fan de provinsje Fryslân en sjogge by de Solexclub.

Arsjitektuer en Co 2 De arsjitekt

Arsjitektuer en Co 2 De arsjitekt

13 Maaie 1990

Hoe is it om in arsjitekt te wêzen? Yn dizze twadde útstjoering fan Arsjitektuer en Co 2 stiet arsjitekt sintraal. En dat betsjut twa portretten fan Gunnar Daan en Sjoerd Ybema.

SADWAANDE_030402_ALDYNFRYSLAN

Sadwaande: Ald yn Fryslân

03 April 2002

Dizze Sadwaande giet oer âld yn Fryslân. Aldere minsken sitte net inkeld mear achter de geraniums, se komme foar har belangen op, dat sjogge we op It Hearrenfean. Ek leare se mei ynternet te wurkjen fia Seniorweb. En by Heemstra State is de soarch oars yndield en wurdt thús by de minsken jûn. Prinses op learzens wol fit âld wurde.