Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0102: Op syk nei de leafde

Tritigers 0102: Op syk nei de leafde

12 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it twadde diel steane datingburo's sintraal. Der is in reportaazje oer Ytsje Keekstra en Roland van der Veen dy't in pleechgesin binne.

Fytsalvestêdetocht 1994

Fytsalvestêdetocht 1994

24 Maaie 1994

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Yn Boppedat sjogge we hoe't de tocht fan 1994 gie.

LTV_Lenin-op-e-Lemmer_WR

Lenin op De Lemmer: portret fan Rinze Visser

13 Maaie 2007

Portret fan kommunist Rinze Visser fan De Lemmer, lid fan de NCPN. Hy is al 37 jier riedslid en dwaande mei syn 10e perioade yn de ried fan Lemsterlân. Hy fertelt oer syn idealen, en wol it better meitsje foar de gewoane minske. We sjogge dat er oaren helpt by administrative putsjes en we sjogge him thús oan it skriuwen foar de twawyklikae krante Manifest. Kollega-riedsleden fertelle oer it 'Rinze-effekt' en dat er in 'wandelende ombudsman' is. Hy praat in soad mei minsken op de dyk en is ek geregeld te finen by de leagenbank. Ek tal fan Lemsters fertelle wêrom't se op Visser stimme.