Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_POADIUM_3_GLEON

LTV Poadium 3: Foarstelling Gleon fan Suver Nuver

12 Desimber 1989

Registraasje fan de foarstelling 'Gleon' fan Suver Nuver, it mimeselskip besteande út Dette Glashouwer, Peer van den Berg en Henk Zwart.

Rondo Musica 4: Slachwurk

Rondo Musica 4: Slachwurk

23 Jannewaris 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel fjouwer komme allerhanne slachwurkynstruminten foarby lykas marimba, bongo, djembé en pauk. Arjen Oosterhout leit de wurking út en fertelt oer de skiednis fan de trommel. Ek sjogge we by Van der Glas op It Hearrenfean dêr't houten trommels makke wurde.

Sadwaande: sikehuzen en berneskuon

Sadwaande: sikehuzen en berneskuon

05 Novimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: sikehuzen en berneskuon.