Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0306: Kealleleafde

Baas Boppe Baas 0306: Kealleleafde

01 Jannewaris 2003

De frou fan Beant sil mei in âlde bekende nei in fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean en Beant fynt it mar neat. 

LTV_PITER_BOERSMA_250201_WR

Skriuwerslibben Piter Boersma

25 Febrewaris 2001

Piter Boersma is berne yn 1947 yn Warten yn in roomske húshâlding. Hy fertelt oer syn libben en wurk, tematyk en feroaringen yn syn skriuwen. We sjogge mei him yn Warten en yn syn hûs yn Wiuwert lêst er foar út eigen wurk. Yn 1972 rjochte er literêr tydskrift Hjir op dêr't er noch altyd redakteur fan is. Yn 1998 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn boek 'It libben sels'.

UFO_WR

Reaklif: UFO's boppe De Gordyk

09 Novimber 2005

It ferhaal oer frjemde ljochten yn de loft boppe De Gordyk yn 1974. In tal ynwenners dy't it sjoen hat, tinkt dat de ljochten fan UFO's ôfkomstich binne.