Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: The Making of Kening Lear

Spegels: The Making of Kening Lear

22 Maaie 2003

Fan desimber 2000 oant in wike foar de premjêre folge Omrop Fryslân de ûntwikkelingen om it teaterspektakel Ik, Kening Lear hinne. Fan de earste besprekkings en repetysjes ôf yn it Tryatergebou oant de úteinlike earste foarstelling yn it hynstesintrum yn Drachten. Yn dizze making-of, makke troch Fred Geerling, wurdt sjen litten hoe't artistyk lieder Jos Thie syn eigen ôfskiedsfoarstelling foarmjout.

No Wy: Marne College

No Wy: Marne College

11 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering De Tas folgje we learlingen fan it Marne College yn Boalsert dy't sels in film meitsje oer in tas. De film lit in dei út it libben fan in skoaltas sjen, lykas ûnderweis mei de bus en op skoalle by it tekeneksamen. Regisseur Leslie Piggott, kameraman Yde Vrieswyk en haadrolspylster Berber Sieperda fertelle oer it meitsjen fan de film.

LTV_IT_FJIRDE_GEWAS_2

It fjirde gewaaks

13 Novimber 1994

Neist it ferbouwen fan jirpels, sûkerbiten en weet wurdt socht nei alternative gewaaksen foar it lân. De saneamde 'agrivicatie' siket nei gewaaksen dy't brûkt wurde kinne as griene grûnstoffen foar yndustriële produkten, lykas flaaks en olifantsgers. We sjogge by ûndersikers yn Wageningen, prate mei boeren en produsinten oer dizze ûntwikkeling.