Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Sinne-enerzjy

Wurktiid TV: Sinne-enerzjy

19 Juny 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opkomst fan sinne-enerzjy. Ynstallaasjebedriuw Hoekstra út Suwâld is dêr al in skoft mei dwaande en hat sinneboilers en sinnepanielen. It giet sels sa goed dat it bedriuw meikoarten ferhúzje moat.

7de klasse A 20: Twizel - Blokzijl

7de klasse A 20: Twizel - Blokzijl

05 Maaie 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan fuotbaljend Fryslân. Dizze lêste wedstriid wurdt beslissend foar de finale. Blokzijl moat tsjin Zeester en Dokkum tsjin Tsjummearum.

It Wetter Op 5: Snitsermar

It Wetter Op 5: Snitsermar

26 July 1999

Ferslachjouwer Gerrit Hofstra en kameraman Thomas Overal farre op de Snitsermar op in jacht fan in heal miljoen en prate mei jachtmakelder Albert Gerritsma. Ek prate se mei Ries de Bruin, skipper fan in skûtsje út Heech. Op it Starteilân moetsje se fakânsjegongers en minsken dy't op har personielsreiske foar it earst sile. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.