Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 20: Frjemd folk

LINKK 20: Frjemd folk

24 Jannewaris 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbernn fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer frjemd folk, oer bûtenlanners, asylsikers en diskriminaasje. We sjogge op it azc yn Drachten en prate mei Anneke Haarsma fan it COA.

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

Hjoed: Aaipop 28 maart 2005

28 Maart 2005

Fan 'e middei is de 18e edysje útein setten fan it Aaipop-festival yn Nijlân. Aaipop is in festival mei útslútend Fryske bands dy't sjonge yn de Fryske taal. De opset is oars as oare jierren. Dat hat te krijen mei de ferbou fan multifunksjoneel sintrum De Mande dêr't Aaipop hâlden wurdt. Sa is de harksankjesseal ferdwûn. Mar der is wol in grutte tinte by kaam. Sa kin de organisaasje mear minsken kwyt, al wie it healwei de middei noch net sa drok. It festival is wol útferkocht.

180702_SADWAANDE_03_06_1998.mp4

Sadwaande: podoterapeut, berne-opfang, rjochtbank (diel 2) en wurk (diel 7)

03 Juny 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank fertelt Oebele Brouwer oer syn wurk as offisier fan justysje. Yn de searje oer wurk krije we tips foar it sollisitaasjepetear. We sjogge wat it wurk fan in podoterapeut ynhâldt en der is in reportaazje en petear oer de berne-opfang.