Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Annet van der Hoek

Van Tuinen Thús by Annet van der Hoek

29 Augustus 2001

Thús by Annet van der Hoek yn Frjentsjer, lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.

Tritigers 0104: Tiid

Tritigers 0104: Tiid

26 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fjirde diel giet it oer tiid, elkenien hat it drok, in hel-en bringservice fan bern yn Stynsgea bringt útkomst en ek in hûne-útlitservice docht dat.

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

25 July 2001

Thús by Johan Veenstra yn Nijeholtpea, skriuwer en kollumnist foar de Ljouwerter Krante en ek bekend fan de lokale radio.