Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180702_SADWAANDE_04_02_1998.mp4

Sadwaande: hygiëne yn de keuken, natuerstienbedriuw en âldere minsken yn it ferkear

04 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by natuerstienbedriuw Mercuur yn Hitsum, de hygiëne yn de keuken en binne âldere minsken in gefaar yn it ferkear? Dosint Simon Kuipers fan it Friesland College leit út wêr't je om tinke moatte by it wurkjen mei gehak en hin fanwege besmettingsgefaar.

7de klasse A 05: Dokkum - De Monnik

7de klasse A 05: Dokkum - De Monnik

14 Oktober 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike 2-2: Dokkum - De Monnik.

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

Hjoed: Hûneshow 21 april 2003

21 April 2003

Op de tradisjonele ynternasjonale hûneshow yn it Ljouwerter FEC wie hjoed de fûgelpestkrisis ek te fernimmen. Der binne ekstra feedokters ynset om twifelgefallen út it suden en België te keuren. Guon dielnimmers mochten net meidwaan en oaren út Brabân woene net. De organisaasje hopet mei de maatregels foar te kommen dat de tûzenen besikers fan de hûneshow it firus ferspriede.