Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0211: Nea wer aaisykje

Baas Boppe Baas 0211: Nea wer aaisykje

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie.De skoandochter fan Beant, Talieta, fynt it aaisykjen elke maitiid mar simpel. Mar troch Beant syn geswets oer it sykjen besiket sy om it earste ljipaai te finen. Slagget it har of net?

LTV_WR_Portret-dumny-Bottenbley

It teäter fan de Hear: oer de Betheltsjerke en dûmny Bottenbley

10 April 2005

Portret fan dûmny Orlando Bottenbley en syn baptistegemeente De Betheltsjerke yn Drachten. Trije kear sneins sitte der sa'n 2.000 minsken yn de tsjerke dy't gebrûk makket fan moderne techniken en popmuzyk. We sjogge by de (doop)tsjinst, mar ek achter de skermen: fan de parkearwacht oant de technyk en fan it koar oant de bernetsjinst. Bottenbley fertelt wêrom't syn tsjinten safolle mooglik minsken oansprekke. Tal fan leauwigen fertelle wat har sa yn de tsjinsten oansprekt.

Sadwaande oer it waar

Sadwaande oer it waar

06 Desimber 2000

Der is gjin ûnderwerp dêr't safolle oer praten wurdt as oer it waar. Trije reportaazjes yn dizze Sadwaande: oer natuerman Roelof van der Wal fan Ealahuzen, waarman Piet Paulusma en oerwurkspesjalist Henk Vlasma fan Beetstersweach.